Reina Anema stelt teloar op 5.000 meter en grypt neist WK-ticket

28 des 2020 - 13:58

Reina Anema fan De Gordyk hat moandeitemiddei op de 5.000 meter neist in ticket foar it WK ôfstannen grepen. De Friezinne ried 7.03,78 en einige dêrmei as fiifde. Allinnich foar de earste twa froulju lei in ticket klear.

Reina Anema nei har 5.000 meter

Yn de fjirde fan seis ritten sette Joy Beune de earste serieuze tiid del: 7.00,93. Mar yn de rit dêrnei gienen Carlijn Achtereekte mei 6.55,90 en Esmee Visser mei 6.59,15 sels ûnder de sân minuten.

Anema, dy't in persoanlik rekôr fan 6.57,58 stean hat, wist dus dat se dat rekôr yn elk gefal benaderje moast om har te pleatsen. Healwei de race waard lykwols dúdlik dat Anema it skema fan Achtereekte net folhâlde koe en ek har direkte tsjinstanner Irene Schouten rekke hieltyd fierder út it sicht.

Schouten wûn de rit en de ôfstân úteinlik yn 6.51,45. Anema kaam mei 7.03,78 sels boppe de sân minuten út en einige as fiifde. Anema hie earder op it kwalifikaasjetoernoai al wol in wrâldbekerticket foar de 3.000 meter behelle.

Antoinette de Jong fan Rottum en Ireen Wüst fan It Hearrenfean kamen net yn aksje op de 5.000 meter. Sy hawwe harren earder op moandei ôfmeld foar dy ôfstân.

Foto: Orange Pictures

Utslach 5.000 meter

1. Irene Schouten 6.51,45
2. Carlijn Achtereekte 6.55,90
3. Esmee Visser 6.59,15
4. Joy Beune 7.00,93
5. Reina Anema 7.03,77
(Advertinsje)
(Advertinsje)