GGD Fryslân hat noch in protte fragen oer faksinaasjekampanje

28 des 2020 - 13:20

De Fryske GGD siket ferskate lokaasjes dêr't se minsken de kommende tiid ynintsje kinne tsjin it coronafirus. Op dit stuit wurdt it WTC-gebou yn Ljouwert ynrjochte as priklokaasje, mar ien lokaasje is net genôch, seit de GGD.

Foto: Shutterstock.com / Halfpoint

Yn it WTC Expo wurde fanôf mids jannewaris meiwurkers út ferpleech- en fersoargingshûzen faksinearre. "We gaan 400 tot 500 vaccinaties per dag geven", seit Jeanette Provoost, dy't har foar de GGD dwaande hâldt mei de logistyk fan de faksinaasjes. "We krijgen een beperkte hoeveelheid vaccins. Dus we kunnen wel meer mensen oproepen, maar als we niet meer vaccins hebben, heeft dat geen zin."

Op safolle mooglik lokaasjes

Op de langere termyn siket de GGD dus mear plakken om minsken te faksinearjen. "Straks moeten we alle mensen tussen de 18 en 60 jaar die dat willen vaccineren. Dan hebben we het in Fryslân over een paar honderdduizend mensen. Dat willen we doen op zoveel mogelijk locaties in de provincie."

We weten niet hoeveel vaccins we wanneer krijgen. Hoeveel mensen we kunnen vaccineren, hangt daar van af.

Jeanette Provoost fan GGD Fryslân

Dan giet it op inselde wize as mei it testen op it firus: de GGD wol dy lokaasjes ferdiele oer hiel Fryslân. It kin yn bygelyks sporthallen en lege skoalgebouwen. Wichtich betingst is dat dy lokaasjes in langere perioade beskikber binne. Hoelang krekt, wit Provoost noch net. "We weten niet hoeveel vaccins we wanneer krijgen. Hoeveel mensen we kunnen vaccineren, hangt daar van af."

Foar Provoost sels binne der dus ek noch in soad fraachtekens. Sa is België moandei as ien fan de lêste lannen yn de Europeeske Uny begûn mei it faksinearjen. Ierlân begjint snein, Nederlân pas oer in pear wiken. "Het beleid ten aanzien van het vaccineren wordt landelijk bepaald", seit Provoost. "Wij volgen dat, we kunnen geen eigen beleid voeren rondom het vaccineren."

Utnûge troch wurkjouwer

Mids jannewaris begjint it dus mei de soarchmeiwurkers. "Ze worden door hun werkgever uitgenodigd voor een prik. In de brief die ze krijgen staan instructies hoe ze een afspraak kunnen maken." Wannear't de rest oan bar is, wit Provoost noch net. As it ienkear safier is, krije sy ek in oprop om in ôfspraak te meitsjen.

Der moat noch wol ien en oar regele wurde, mar Provoost seit dat de GGD alles klear hat op it stuit dat it faksinearjen echt begjint. Foar de earste ronde faksinaasjes ha se in hiel soad oanmeldingen fan frijwilligers dy't meihelpe wolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)