Janine Smit oandien by ôfskied fan it reedriden: "Het doet je gewoon wat"

28 des 2020 - 12:55

Janine Smit fan It Hearrenfean hâldt op mei reedriden. Dat makke de 29-jierrige sprintster snein bekend nei ôfrin fan har twa ritten op de 500 meter op it WK-kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Smit waard yn desimber 2018 Nederlânsk kampioene op de 500 meter. Twa moannen letter wûn se op it wrâldkampioenskip mei Nederlân goud op de teamsprint.

Foto: Orange Pictures

De Friezinne sleat har karriêre snein ôf mei in persoanlik rekôr op de 500 meter. "Ik denk wel dat dat meer lag aan de omstandigheden dan dat ik mijn beste race ooit reed. Het was gister (snein, red.) gewoon supersnel", seit Smit.

Earder al twivels

Smit hie al earder twivels oer it trochgean mei it reedriden. "Er komt een hele nieuwe lichting en er wordt kneiterhard gereden. Het gat is gewoon zo groot", seit de reedrydster. "In m'n hoofd zit het ook niet meer zoals het zat. Het vuur in mij wordt minder sterk. Met topsport is het alles of niks. Ik merk gewoon aan mezelf dat dat minder wordt, dus het is tijd om te stoppen."

De âld-Nederlânsk kampioene fertelde it nijs snein nei har race oan har famylje, freonen en kollega's. "Dat is wel even emotioneel. Ik sta hier nu goed, want het voelt ook eerlijk gezegd wel goed nu het hoge woord eruit is. Alleen op dat moment is het wel even heel emotioneel. Om dat echt uit te spreken: 'dit was de laatste en dit is het'. Maar iedereen reageerde zo lief en leuk", seit Smit.

Ek dit kear wit Smit it net drûch te hâlden. "Ik heb toch twaalf jaar lang topsport gedaan. Dag in, dag uit ben je er mee bezig. Ik heb zoveel dingen geleerd en zoveel mooie mensen ontmoet. Het is gewoon een deel van je leven en dat gaat nu anders worden", seit Smit. Het doet je gewoon wat omdat je zo lang op dit niveau hebt geschaatst en het is gewoon een hele grote verandering in je leven. Maar ik heb ook wel heel veel zin in al het nieuwe."

Finance

Smit hat ôfrûne simmer in bachelor yn Bedriuwskunde helle en set yn septimber útein mei har master Finance. Wat fierder har plannen binne, wit se lykwols noch net. "Ik heb eigenlijk gekeken tot en met nu. Ik heb nog geen plan voor hoe nu verder. Dat moest ook niet, want daar moet je niet mee bezig zijn. Maar ik ga wel kijken wat ik precies wil gaan doen en ik heb daar heel veel zin in. Ik denk dat ik daar ook heel veel uitdagingen uit kan halen", seit Smit.

Ferslachjouwer Andor Faber yn petear mei Janine Smit

Trefwurden: 
reedriden Janine Smit
(Advertinsje)
(Advertinsje)