Sjongeres Hiske Oosterwijk set teksten fan Gysbert Japicx op moderne muzyk

28 des 2020 - 12:31

Ek al skreau Gysbert Japicx teksten op psalmen en âlde muzyk, dochs fynt sjongeres Hiske Oosterwijk de lieten geskikt foar moderne muzyk. Se makke nije komposysjes en bringt dy de kommende tiid út.

Gysbert Japicx op moderne muzyk set

Op it konservatoarium ynspirearre Gysbert Japicx Hiske Oosterwijk. Neidat se syn liettekst Jûnbea op muzyk útbrocht, kaam de Gysbert Japicx/Holkema-stichting mei it fersyk om mear op muzyk te setten. Hjirmei wol se syn namme en wurk yn eare hâlde.

Ynspiraasje út âlde Russyske muzyk

Oosterwijk is bekend wurden as jazzsjongeres. Se wûn in talintepriis en in Frânsktalich konkoers. En mei Leny Dijkstra die se it projekt Taal op it Spoar. Se spile ûnder oare yn Ruslân mei in Russyske begeliedingsband. Ien fan de muzikanten spilet mei op it nije album. Neidat se wiisd waard op âlde Russyske muzyk, krige se dêr ek ynspiraasje fan.

It wurket goed mei de klanken fan de Fryske taal.

Hiske Oosterwijk oer de Russyske muzyk

"Op himsels wie it hiel 'oubollich'", seit Oosterwijk, "mar it die my tinken oan de âlde melodyen fan Gysbert Japicx. It is hiel simpel mei koarte frazen en in soad werhelling. Dit wurket goed mei de klanken fan de Fryske taal en doe tocht ik: dat moat ik brûke om komposysjes mei te meitsjen."

De kommende moannen bringt se lieten fan Japicx op har muzyk út. De earste is Moarnsliet yn jannewaris. Yn oktober komt der in foarstelling fan it wurk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)