Kramer meldt him ôf foar 10 kilometer, Antoinette de Jong foar 5 kilometer

Sven Kramer hat him ôfmeld foar de 10 kilometer op it kwalifikaasjetoernoai foar de WK ôfstannen. Dy ôfstân wurdt moandei yn Thialf ferriden. Kramer rûn snein pleatsing foar it EK allround mis. Hy wol him no hielendal rjochtsje op de WK ôfstannen, dêr't er de 5 kilometer rydt, en de wrâldbekerwedstriden.
© Orange Pictures
Under oaren Antoinette de Jong en Ireen Wüst ha har moandei ôfmeld foar de 5 kilometer. Se ride moandei allinnich noch de 1.000 meter. Fan it wykein pakte De Jong al mei oertsjûging de oerwinning op de 1.500 en 3.000 meter.
De lêste dei fan it WK-kwalifikaasjetoernoai begjint om 12.50 oere mei de 5 kilometer foar froulju. Dêrnei steane de 10 kilometer foar manlju op it programma, de 1.000 meter foar froulju en manlju en de massastart foar froulju. Omrop Fryslân docht op radio en online ferslach fan it reedriden.