KNRM siket om 'e nocht nei persoan yn need op 'e Iselmar

28 des 2020 - 10:09

Rêdingsmaatskippij KNRM hat mei de krystdagen mei fiif rêdingsboaten en in helikopter socht op de Iselmar nei persoanen yn need.

Foto: KNRM Harns

Dat dienen se nei it sjen fan in reade fjoerpylk, in needsinjaal. Alle kearen wie it om 'e nocht. De KNRM baalt derfan en ropt minsken op om sokke needsinjalen echt allinnich te brûken as der sprake is fan in needgefal.

Trefwurden: 
Iselmar KNRM rêdingsboat
(Advertinsje)
(Advertinsje)