Minder minsken litte har teste mei feestdagen, GGD hat noed oer âld en nij

De Fryske GGD makket him soargen oer de kâns op in eksplosive groei fan it tal coronabesmettingen mei âld en nij. As ien wike nei de krystdagen in protte minsken byelkoar komme, kin it firus him hiel hurd ferspriede. Dat seit dokter ynfeksjesyktebestriding Everhard Hofstra fan de GGD Fryslân. It soe kinne dat it tal melde besmettingen de kommende tiid leger leit, om't minder minsken har teste litte. "Maar we moeten ons niet rijk rekenen."
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
In wike lyn sprutsen de dokters har soargen út oer de krystdagen, om't se benaud wiene dat minsken mei te grutte groepen byelkoar sitte soene. Hoe't dat gong is, wit Hofstra net. "Dat is lastig om te zeggen. Al de hele epidemie kunnen we niet goed zien wat er achter de voordeur gebeurt", seit Hofstra. "Daarom hebben we ook tips gegeven. Nu hopen we dat men zich eraan heeft gehouden en dat het effect heeft gehad."

Sifers bliuwe heech

De besmettingssifers fan de ôfrûne dagen wiene wer net goed: op earste krystdei melde it RIVM 278 besmettingen yn Fryslân, op twadde krystdei 299 en snein 229. It trochsneed oer de ôfrûne wike leit op 256. De soargen by de GGD binne dêrom noch lang net fuort. "Daar is het nog te vroeg voor."
Hofstra ferwachtet dat it RIVM moandei minder positive testen meldt yn Fryslân. Dat komt om't minsken har de ôfrûne dagen minder teste litten ha. "Tussen de 1.000 en 1.300 de afgelopen dagen, terwijl we eerder meer dan 2.000 testten. Maar per 100 testen vinden we nog wel steeds net zoveel positieve gevallen als eerst. De komende dagen gaan uitwijzen wat er werkelijk is gebeurd met de kerst."
Anders kan het best zijn dat het aantal besmettingen zich onnodig heeft verspreid.
Hofstra hopet dat minsken har ek by mylde klachten teste litte
De nijste lockdown is twa wiken lyn yngong. Dat soe de kommende dagen resultaten opsmite moatte, mar mooglik soargje de feestdagen foar in fertekene byld. "We hopen dat we dat op een langere termijn kunnen zien. Maar oud en nieuw ligt precies een week na de kerst. Ook bij milde klachten moeten mensen zich laten testen. Want anders kan het best zijn dat het aantal besmettingen zich onnodig heeft verspreid."

Moandei wer oerlis

Yn guon regio's, wêrûnder ek Grinslân, freegje se om it leger yn te setten yn ferplegings- en fersoargingshûzen. Oars rêde se it net op. Oft dat yn Fryslân ek moat, wit Hofstra net. "Maar ook hier hadden we veel positieven in de zorg de afgelopen week. Het is wel een teken aan de wand." Yn alle Fryske soarchsintra byelkoar waarden ôfrûne wike 61 besmettingen fêststeld. De 25 feilichheidsregio's beprate moandei it lêste nijs.