Kollum: "Koart lontsje"

"Wy ha allegear wat in koarter lontsje krigen troch it coronafirus, falt my de lêste tiid op. Ik sels ek, fernim ik. Hielendal no't wy yn de twadde lockdown sitte. Ik bin earder prikkele troch saken dêr't ik foarhinne de skouders foar ophelle. En ik bin net de iennige. As ik somtiden reaksjes lês fan minsken op social media of minsken yn de winkel eameljen hear, dan tink ik: wy ha allegear it ein yn 'e bek.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
It falt my op dat ik my tsjintwurdich folle mear steur oan lytse dingen. De dûs dy't moarns sa lang kâld bliuwt. De gatten yn ús sânpaad dy't almar grutter en djipper lykje te wurden. Learzens dêr't ik my de fuotten oer brek yn de garaazje. Sûkelademolke dy't yn de magnetron oer de râne fan de kop buorrele is. NPO Start dy't kear op kear meldt dat de 'uitzending momenteel niet beschikbaar is'. It flutsje yogi dat noch yn de drinkbeker sit as ik 'm op 'e kop yn de ôfwaskmasine set. It binne mar wat foarbylden.
Dêr't ik my foarhinne om dit soart saken net sa drok makke, kin ik no somtiden wol hast út myn fel springe. Dat slacht nearne op, ik wit it. Mar ik kin der neat oan dwaan. Ik ha myn nocht fan alles wat ik moat, mar noch mear fan alles wat ik net mear mei. En ik fernim alle dagen dat ik net de iennige bin. Wol fan alles moatte mar neat mear meie, makket in minske segrinich.
Noch foar de lockdown wienen wy yn de Efteling. Lange wachttiden en kâlde teannen makken myn humeur der net better op. Oant wy yn de rige foar achtbaan De Vliegende Hollander troch in soarte fan brune kroech rûnen. Der stie in lyts barke yn, mei allegear drankflessen achter de tooch. It seach der smûk út, en samar ynienen waard ik ûnwennich. Unwennich nei de kroech. Unwennich nei mei ús allen oan de bar sitte en dom ouwehoere. Unwennich nei mekje goaie, klaverjasse en biljarte. Unwennich nei eat dat foarhinne sa gewoan wie.
Rekhalzjend sjogge wy út nei 2021, it jier wêryn't hooplik alles wer 'gewoan' wurdt. Gewoan mar samar ynienen sa bysûnder. Mei freonen nei in festival. Mei famylje op earste krystdei goermette. De kroech yn. Nei it teäter. Mei ús allen wer muzyk meitsje. Saken dêr't ik foarhinne net iens oer neitocht, binne aanst in soarte fan magysk. En dan nei in moanne as trije witte wy net better as it wie altyd sa. Mar dan noch. It mocht om my al wol safier wêze.
Goed foarnimmen foar elkenien: litte wy ús koarte lontsje ferruilje foar de lange adem. Want dy komt ús better fan pas yn 2021. Oant takom jier!"