Mûnen yn it ljocht foar jubileum De Fryske Mole: "In prachtich gesicht"

It is moandei op de kop ôf fyftich jier lyn dat de stichting De Fryske Mole in grut tal mûnen oernaam fan de provinsje Fryslân. Om dêrby stil te stean stiet no in grut part fan de mûnen yn it ljocht. Sa wurdt it dochs in bytsje fierd. "It hie grut feest wêze moatten", seit Jentsje van der Stap fan de Beabuorster Mole yn Tsjerkwert. "Mar sa dogge we der dochs wat oan."
De Beabuorster Mole by Tsjerkwert © Gerben Wijnja
Jentsje van der Stap fertelt oer syn mûne en oer de stichting
Yn de ôfrûne tsientallen jierren hat de stichting der hieltyd mear mûnen by krigen. En de stichting is wichtich foar de mûnders, seit Van der Stap: "Se dogge der in hiel soad oan om de mûnen sa goed mooglik te ûnderhâlden."

Fan 2.400 nei 130 mûnen

"It is foar elkenien wichtich dat mûnen bestean bliuwe", seit er. "Troch de jierren hinne binne in hiel soad mûnen weiwurden en ôfbrutsen. Dy kinne je net mear opbouwe." Sa'n 150 jier lyn stiene yn Fryslân 2.400 mûnen. Der binne no noch 130 fan oer dy't wurkje en dêrfan hearre 42 by de stichting De Fryske Mole.
"Se ha in soad fan de mûnen oernaam en dogge tige har bêst om se draaiende te hâlden", fertelt Van der Stap. "Dêr binne wy dan wer foar."
De stichting stipet mûne-eigeners by restauraasjes en it sykjen fan fûnsen. Fierder binne der alle jierren ien of twa gearkomsten foar alle Fryske mûnestichtingen, wêrby't elkenien bypraat wurdt oer de ûntwikkelingen yn de mûnewrâld.

Sjen, mar net op besite

En dat no dus fyftich jier lang, dêrom steane tal fan mûnen no jûns yn it ljocht. "It is in prachtich gesicht", seit Van der Stap. "As je derby lâns rinne, sjogge je 'm fan ûnderen nei boppen yn de lampen." Dat is de iennige wize wêrop't it jubileum no fierd wurde kin. Op besite is op it stuit fanwege de coronabeheinings gjin opsje.
Yn totaal steane 23 mûnen yn it ljocht. Dit binne se.