FIDEO: Gurbe Douwstra spilet 'oardelmetersesje' yn 100-jierrich Woudagemaal

27 des 2020 - 22:25

Ut it Woudagemaal op De Lemmer kaam snein alwer de lêste fan fjouwer 1,5-metersesjes wei. Spesjaal foar de Fryske top 100 kaam Gurbe Douwstra del. Hy spile twa lieten yn de histoaryske setting fan it 100 jier âlde gemaal.

Douwstra stie ferline jier foar de njoggende kear op nûmer ien yn de Fryske top 100 mei it liet Cliffs of Moher. It ferhaal efter dat liet en hoe'tst 'Moher' no eins útsprekst, dielt er yn dizze ôflevering mei presintator Willem de Vries. Ek spilet Douwstra it nûmer Te plak, dat giet oer de fraach wannear't je eins teplak binne yn it libben. "Ast rêst en romte fûn hast yn dyn holle, dan bist teplak", sa seit Douwstra it sels.

Earder al spilen Iris Kroes, Piter Wilkens en Carla de Bruine harren 1,5-metersesjes yn it Woudagemaal. Op dizze wize kamen de Fryske top 100 en it hûndertjierrich bestean fan it grutste stoomgemaal dat ea boud is, byelkoar. Stimme foar de Fryske top 100 kin net mear. Oft Gurbe Douwstra dit jier foar de tsiende kear op nûmer ien stiet mei syn Cliffs of Moher? Dat hearst en sjochst op âldjiersdei by Omrop Fryslân yn de Fryske top 100.

De Fryske top 100 is op âldjiersdei op radio, telefyzje en online te folgen. De útstjoering begjint om seis oere moarns en duorret oant seis oere jûns. Stimme koe oant en mei twadde krystdei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)