Welcome to The Village en Zienn sammelje winterjassen yn foar thúsleazen

It kantoar fan festival Welcome to The Village is op moandei 28 en tiisdei 29 desimber in ynsammelpunt foar net brûkte winterjassen. Yn gearwurking mei opfangynstânsje Zienn helpt de festivalorganisaasje op dizze wize minsken dy't fan de nachtopfang gebrûk meitsje. Dy ha net altyd de middels om waarme klean te keapjen.
© Omrop Fryslân
Dit jier is it lestich foar Zienn om thúsleazen fan winterjassen te foarsjen, om't troch de coronakrisis de bannen mei de tekstylleveransiers sa goed as stil kamen te lizzen. Der is foaral grutte fraach nei goeie winterjassen foar manlju, mar ek oare waarme klean sa as sokken, truien en broeken, wanten en ek sliepsekken wurde mei iepen earms ûntfongen.
Minsken kinne it guod moandei en tiisdei tusken 12.00 en 17.00 oere ynleverje op it kantoar fan Welcome to the Village oan de Zwettestrjitte yn Ljouwert.