Antoinette de Jong pakt WK-ticket op 3.000 meter yn baanrekôr, Wüst mist EK allround

27 des 2020 - 17:33

Antoinette de Jong fan Rottum hat sneintemiddei de 3.000 meter op it kwalifikaasjetoernoai yn Thialf wûn yn in baanrekôr fan 3.57,32. Dêrmei pakt se in ticket foar it WK ôfstannen en de wrâldbekers. Ireen Wüst fan It Hearrenfean waard achtste en rint dêrtroch pleatsing foar it EK allround mis.

Antoinette de Jong

Wat stiet der op it programma en watfoar tickets binne der te ferdielen?

  • EK allround (16-17 jannewaris): de earste twa reedriders oer in klassemint fan de 1500 meter en de 3000 meter by de froulju en de 5000 meter by de manlju pleatse harren foar it EK allround. Antoinette de Jong en Patrick Roest ha harren op it NK Allround al pleatst;
  • Twa World Cups (22-24 en 29-31 jannewaris): de bêste fiif op eltse ôfstân pleatse harren foar de wrâldbekers. Allinnich de 5000 meter foar de froulju en de 10.000 meter foar de manlju wurde net ferriden op de wrâldbekers;
  • WK ôfstannen (11-14 febrewaris): de bêste trije op eltse ôfstân pleatse harren foar it WK. Allinnich op de 1000 meter en 5000 meter by de manlju moat Nederlân op de wrâldbekers noch in tredde WK-ticket ôftwinge.

Alle wedstriden wurde yn it Thialfstadion holden.

Foto: Orange Pictures

Om je te pleatsen foar it EK allround moatte je yn it klassemint, dat opmakke wurdt nei de 1.500 meter fan sneon en de 3.000 meter fan snein, by de bêste twa sitte. Dat slagge Irene Schouten en Melissa Wijfje. Antoinette de Jong wie al pleatst foar it allroundtoernoai fanwegen har titel op it NK allround.

WK- en wrâldbekerplakken

Reina Anema fan De Gordyk hie mei noch ien rit te gean de tredde tiid op it boerd: 4.01,12. Dêrmei wie se dus al wis fan in startplak op de wrâldbekers, mar om har te pleatsen foar it WK moasten Schouten en Carlijn Achtereekte wol stadiger as har wêze. Achtereekte wie dat ek (4.03,01), mar Schouten gie folle flugger en sette sels de twadde tiid yn Thialf ea del (3.57,87). It tredde ticket gie nei Joy Beune mei 3.59,89.

Anema einige as fjirde en pakte dêrmei allinnich in wrâldbekerticket. Wijfje einige op it fiifde plak en pleatst har dêrmei ek foar de wrâldbekers.

Utslach 3.000 meter

1. Antoinette de Jong 3.57,32
2. Irene Schouten 3.57,87
3. Joy Beune 3.59,89
4. Reina Anema 4.01,12
5. Melissa Wijfje 4.01,55
8. Ireen Wüst 4.03,53
(Advertinsje)
(Advertinsje)