Kramer mei titel op EK allround net ferdigenje, Talsma pleatst him wol

Sven Kramer fan It Hearrenfean is der ferrassend net yn slagge him te pleatsen foar it EK allround fan jannewaris. Op it kwalifikaasjetoernoai yn Thialf op It Hearrenfean wie hy mei 1.47,79 op de 1.500 meter in stik stadiger as syn allround-konkurrinten. Marwin Talsma fan Grou slagge der mei in persoanlik rekôr fan 1.46,20 wol yn om him te pleatsen.
Sven Kramer en Marwin Talsma:

Wat stiet der op it programma en watfoar tickets binne der te ferdielen?

Alle wedstriden wurde yn it Thialfstadion holden.
© Orange Pictures
Allinnich de bêste twa fan it klassemint oer de 1.500 meter fan snein en de 5.000 meter fan sneon pakke in ticket foar it EK allround. Talsma like dêrfoar mei syn skerpe persoanlik rekôr al goede saken te dwaan, mar Marcel Bosker, dy't seis hûndertsten goedmeitsje moast, wie acht hûndertsten rapper as Talsma.
Dêrtroch stie Talsma mei de rit fan Kramer noch op it programma op 'e wip. Kramer moast 1.46,57 ride om him te pleatsen, mar dêr kaam hy ferrassend genôch lang net oan. De mearfâldich olympysk kampioen ried 1.47,79.
Patrick Roest hie him mei syn titel op it NK allround yn novimber al fersekere fan in plak op it EK.

Oare tickets

Op de 1.500 meter kamen de Friezen net yn de buert fan pleatsing foar it WK en de wrâldbekers. Talsma wie mei it tsiende plak de bêste Fries. Kramer einige as 17e en ek Jur Veenje fan Garyp (21e yn 1.48,27) en Tjerk de Boer fan Weidum (22e yn 1,48,75) einigen yn de efterhoede.
De tickets foar it WK en de wrâldbekers giene nei Patrick Roest (1.43,79), Thomas Krol (1.43,85) en Kjeld Nuis (1.44,68). Wesley Dijs (1.45,03) en Louis Hollaar (1.45,24) pakten allinnich in wrâldbeker-ticket.

Utslach 1.500 meter

1. Patrick Roest 1.43,79
2. Thomas Krol 1.43,85
3. Kjeld Nuis 1.44,68
4. Wesley Dijs 1.45,03 (PR)
5. Louis Hollaar 1.45,24 (PR)
10. Marwin Talsma 1.46,20 (PR)
17. Sven Kramer 1.47,79
21. Jur Veenje 1.48,27 (PR)
22. Tjerk de Boer 1.48,75