RIVM: 229 nije coronabesmettingen yn Fryslân, minder as in dei earder

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 229 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. It binne der 70 minder as op twadde krystdei, doe't der 299 gefallen meld waarden. It deistige tal meldingen kin bot skommelje, it trochsneed oer de ôfrûne wike seit mear: dat is 256.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
Yn de gemeente Súdwest-Fryslân binne snein de measte nije besmettingen meld, nammentlik 39. Dêrnei komt de gemeente Ljouwert mei 38.
Der is ien nij coronastjergefal meld, yn Súdwest-Fryslân, en yn de gemeente Opsterlân is der ien nije sikehûsopname.
Lanlik binne snein 9108 nije besmettingen meld en dat wiene der goed 750 minder as de dei derfoar.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.