Kultuermakker Wytse Dijkstra: "It belang fan kultuer is dit jier echt dúdlik wurden"

27 des 2020 - 15:10

Ein 2019 tocht Wytse Dijkstra, jonge kultuermakker út Ljouwert, noch dat 2020 in brûzjend kultureel jier wurde soe. Syn doel wie om fan Ljouwert de kultuerhaadstêd fan Nederlân te meitsjen. Hoe oars is it jier ferrûn, doe't yn maart corona in ein makke oan alle ambysjes. Mar wat wol dúdlik wurden is neffens Dijkstra: "2020 hat sjen litten hoe wichtich kultuer foar ús as minsken is. As wy der sûnder moatte, ferhurdet de maatskippij."

fan links nei rjochts: Tieneke Clevering, Fardau Procee, Wytse Dijkstra, Eke Folkerts - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Fjouwer jonge opinymakkers praten yn it radioprogramma Buro de Vries oer it ôfrûne jier. Dat diene se ferline jier ek en doe seagen se foarút nei 2020. No't dit jier hast foarby is, is it nijsgjirrich om nei te gean wat der fan har ferwachtingen útkommen is. Net folle, sa docht bliken, mar net ien hie ek betinke kinnen dat wy yn in wrâldwide krisis komme soene.

Fries om utens Fardau Procee is aktyf by de PvdA Súd-Hollân en wurket op it ministearje fan Bûtenlânske Saken yn Den Haag. Sy spruts ferline jier har soargen út oer it kabinet. It soe har net fernuverje as it falle soe. "En no, sels mei in ferneatigjend rapport oer de bernetaslagge-affêre, sit it kabinet noch altyd." Ek Tieneke Clevering, wetterskipsbestjoerder, hat har dêroer fernuvere: "Der binne wol kabinetten om minder ôftrêde, mar no sitte wy yn in krisis en giet it lânsbelang foar." "Te sot foar wurden, mar it is net oars", follet Wytse Dijkstra oan. En Eke Folkerts, bestjoerslid fan Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt (NAJK), hat har foaral ferbjustere oer it feit dat soks yn Nederlân barre kin.

De rol fan Rutte

Oer de rol fan Rutte as lieder fan in lân yn krisis binne de foarumleden wol tefreden. "Fansels wurde der flaters makke en as aansten de krisis achter de rêch is, dan sizze we miskien ek wol dat dit of dat oars moatten hie, mar dat witte je pas achterôf. Ik fyn wol dat er syn taak as minister-presidint goed oppakt", seit Dijkstra. Dizze krisis lit ek sjen dat de demokrasy goed wurket, fynt Folkerts. "As der besluten nommen wurde dy't net goed útpakke, dan korrizjearret de maatskippij se en dat is goed." Se doelt dêrmei op de oankundiging dat de essinsjele winkels ticht moasten en dat der doe dochs winkels iepengiene dy't dêr net by hearre. "Dan duorret it twa dagen en dan is dat korrizjearre."

Wytse Dijkstra wurket yn de kulturele sektor. Hy is sels muzikant, wurket foar festival Welcome to the Village en is programmeur fan poppoadium Asteriks. Hy seach al syn wurk fan de iene op de oare dei fuortfallen. "De aginda wie ynienen leech en dat jildt foar ús hiele sektor. Wy binne mei de hoareka it meast troffen troch dizze pandemy." Hy sjocht mei wat jaloerske eagen nei Dútslân dêr't miljarden euro's frijmakke binne foar de sektor.

Ferbining en kontakt

Dat corona ek sjen litten hat dat kultuer miskien wol folle wichtiger is as wy ús realisearren, is posityf. Dijkstra: "Dat besef is no wol dúdlik. Kultuer is mear as in jûntsje ûntspanning, it soarget foar ferbining en écht kontakt. Dêr kinne wy as minsken net sûnder. Do sjochst no dat social media dy funksje wat oernommen ha: dat is in útlitklep wurden. En dat soarget foar ferhurding."

Alle fjouwer foarumleden hoopje dat mei de komst fan it coronafaksin de wrâld stadichoan wer normaal wurdt.

It nijsfoarum mei Tieneke Clevering, Eke Folkerts, Wytse Dijkstra en Fardau Procee

(Advertinsje)
(Advertinsje)