Ferwûne by mooglik stekynsidint op De Jouwer

27 des 2020 - 12:56

Op De Jouwer is snein oan it begjin fan de middei in persoan ferwûne rekke by in noch ûnbekend ynsidint. De plysje krige in melding fan in mooglike stekpartij op de Sluisdijk.

Foto: De Vries Media

Op it adres dêr't de melding dien waard, sit ûnder oare it wensoarchkompleks De Werf en in apoteek. Ien persoan is oerbrocht nei it sikehûs. Oft der echt stutsen is, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
De Jouwer stekynsidint
(Advertinsje)
(Advertinsje)