Muorreskilderingen as aansichtkaarten troch de provinsje: "Hoop bieden"

27 des 2020 - 10:23

Op alve plakken yn Fryslân hingje dizze perioade cartooneske, kleurige muorreskilderingen. It is in inisjatyf fan de organisaasje Writer's Block en de provinsje Fryslân. Dêrmei wolle se in positive en stypjende gedachte bringe mei it motto 'ik tink oan dy'.

Muorreskilderingen as aansichtkaarten

It binne foar in soad minsken drege tiden, fine de organisaasje Writer's Block en de provinsje Fryslân. Writer's Block is in gearwurkingsferbân fan keunstners en makke earder de muorreskildering op it gebou fan de Ljouwerter Krante mei de tekst We'll meet again.

"We proberen hoop te bieden in deze tijd", leit Serge Hollander fan Writer's Block út. "Met name in de kerstperiode, als er iemand misschien ontbreekt aan tafel, dan is er iets nodig."

De provinsje wie entûsjast oer it inisjatyf. Dy hat in programma mei de namme Yn ferbining. Dêryn sykje se sokke fan stypjende inisjativen mei keunst. Hollander: "Ze zeiden dat dit wel heel erg mooi aansluit op wat wij doen, dus wilden ze ons helpen om dit te realiseren. Daar zijn we heel blij mee. Anders hadden we dit niet kunnen doen."

Fan de muorreskilderijen binne alve aansichtkaarten makke dy't nei de lockdown yn de winkels lizze. In selfie meitsje en opstjoere is in mooglikheid. It wie earst de bedoeling dat minsken de wurken fan keunstner Wytze Hoogslag sels ynkleurje soenen. "Toen kwam Rutte met nieuwe extra maatregelen", seit Hoogslag, "en toen heb ik het uiteindelijk zelf moeten inkleuren."

De alve kaarten binne no al online beskikber op de webside fan Merk Fryslân op friesland.nl/ynferbining om del te heljen, yn te kleurjen en op te stjoeren. Op de webside fan Writer's Block kinst in troch de keunstner ynkleure ferzje downloade en ferstjoere nei in dierbere dy't in opstekker brûke kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)