Steatelid fan ôfsplitste fraksje no op lanlike list FvD: "Begrip voor Baudet"

Forum voor Democratie hat nei de opskuor yn de partij de ôfrûne wiken in nije kandidatelist makke foar de Twadde Keamerferkiezingen fan maart takom jier. Op de nije list ferskine foar it earst ek trije Friezen. It giet om Erwin Jousma op 21, Nynke Koopmans op 22 en Johan Talsma op 40. Theo Hiddema, earder fan Holwert, is listtriuwer.
Erwin Jousma dwaande mei syn maiden speech yn de Steaten © Omrop Fryslân
In moanne lyn kaam Forum voor Democratie yn opspraak nei rasistyske, antysemityske en homofobe berjochten fan it bestjoer fan de jongereinôfdieling. De foarsitter fan dy jongereinôfdieling, Freek Jansen, stie op plak sân fan de kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezingen. Tal fan Forum-politisy ferlieten dêrom de partij, ek guon dy't op de kandidatelist stiene en de Fryske Steatefraksje. De partij moast dêrom in nije list meitsje. Dêrop stiet Jansen opnij op sân.

Steatelid Jousma op 21

De partij hat Erwin Jousma op 21 set. Hy makket ûnderdiel út fan de Fryske Steatefraksje fan wat earder Forum voor Democratie wie. De fraksje hat him ôfsplitst fan de lanlike partij, mar Jousma stiet no dus wol op de Twadde Keamerlist.
Hy seit dat er baalt fan de ûnrêst yn de partij de lêste tiid. "Maar toen ik na de storm voor mezelf alles goed op een rijtje zette, had ik begrip voor de manier waarop Baudet heeft gereageerd", seit er yn in ferklearring. "Ik vond het zelfs bewonderenswaardig dat hij in eerste instantie een stap terugzette." Letter skreau doetiidsk FvD-senator en -kandidaat Nicki Pouw-Verweij in brief oer in itentsje, dêr't de doetiidske FvD-kandidaten skrokken fan útspraken fan Baudet. Jousma: "Die brief riep eerder vragen bij mij op dan dat het me duidelijkheid gaf. Kortom, tumult waar ik inhoudelijk niets mee kon."
Dat de Fryske Steatefraksje him ôfsplitst hat fan de lanlike partij, feroaret foar Jousma neat oan syn wurk. Hy bliuwt by de Steatefraksje: "Niet in de minste plaats voor de kiezer, die mij een plek in de Fryske Steaten heeft gegund op basis van de FvD-standpunten, maar ook ten aanzien van alle andere (actieve) leden overal in het land - zij die zich allen thuis voelen bij de partij en het partijprogramma - waarmee ik me samen wil blijven inzetten."

Koopmans by Forum om stikstof

Ien plak leger stiet Nynke Koopmans. Sy wie earder Steatelid foar de VVD en gemeenteriedslid yn Tytsjerksteradiel. Ferline jier stapte se út de VVD en rjochte se de Partij voor de Boeren op. "Ik bin by de VVD wei gong fanwege it stikstofbelied", seit se. "Dêrnei bin ik yn kontakt kaam mei Forum voor Democratie, dy't wat my oanbelanget in hiel helder stânpunt dêroer ha." De opksuor yn de partij hat Koopmans net tsjinholden: "Lit dúdlik wêze: gjinien wol belutsen wêze by de dingen dy't nei bûten kamen. Mar as ik it gefoel hân hie dat der wat wier wie fan de ferhalen, dan hie ik no net op de list stien."

ELP-fraksjefoarsitter op 40

Op plak 40 stiet Johan Talsma. Hy is fraksjefoarsitter foar de Eerste Lokale Partij Noardeast-Fryslân. By de weryndielingsferkiezingen fan twa jier lyn pakte syn partij ien sit. Ald-Holwerter Theo Hiddema, dy't trije en in heal jier foar Forum yn de Twadde Keamer siet, is no listtriuwer op plak 50.
It giet om in konseptlist. De leden beslute op 9 jannewaris oer de definitive list.
Nynke Koopmans