Fryske oseaanroeisters geane noch altyd goed, mar binne noch net op de helte

It team de Atlantic Dutchesses giet noch altyd goed. De fjouwer froulju, fan wa't der trije út Fryslân komme, roeie de Atlantyske Oseaan oer foar it goede doel. Se dogge mei oan de Talisker Whisky Atlantic Challenge, in 5.000 kilometer lange roeirace fan it Spaanske Kanaryske eilân La Gomera nei Antigua, yn de Kariben.
Roeisters lizze op koers
De froulju binne no twa wike ûnderweis en moatte noch sa'n 3.200 kilometer roeie. Se lizze noch altyd op it sechsde plak. It waar is goed: de temperatuer leit goed boppe de 20 graden. It oseaanwetter is lykwols kâld. En dochs moat dêr sa út en troch in dûk yn makke wurde, om de boat oan de bûtenkant skjin te meitsjen bygelyks. Der komt nei ferrin fan tiid oanslach op de boat en dat wurket remjend.
© Melissa Vooren
De froulju, mei Iris Noordzij út Raerd, Melissa Vooren út Goaiïngaryp, Renate de Backere út Penjum en de Seelânske Marieke le Duc, lykje it noch net al te dreech te hawwen, al ha se wol even in momintsje fan rêst naam mei de krystdagen.
De Atlantic Dutchesses hoopje as earste Nederlânske frouljusteam oan te kommen op Antigua en eventueel in wrâldrekôr te roeien. Oft dat slagget is de fraach, want se moatte noch in hiel ein. Se binne noch net op de helte. De ferwachting is dat se ein jannewaris oankomme op Antigua.
De roeisters binne hjir te folgjen en se jouwe sels ek updates op Facebook.