PODCAST Boekekast #8: 'It suske fan', in ferhaal fan Thys Wadman

27 des 2020 - 09:00

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen hearst yn de podcast Boekekast fan 'Boeken fan Fryslân' en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers ha spesjaal in ferhaal skreaun. Yn de achtste - en lêste - ôflevering is it ferhaal 'It suske fan' fan Thys Wadman te hearren. Karen Bies praat ek mei de skriuwer. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Thijs Feenstra.

Ik lit my achteroer falle op de learen bank. Ik fiel it swit yn myn nekke as ik myn holle tsjin it kâlde kessen fan de bank triuw. Ik skop myn sneakers út, klap myn fuotten op it taffeltsje en doch de eagen ticht. Ik fiel myn hertslach yn myn holle en yn myn hals en ik hymje as ha 'k krekt in hiel ein draafd.

Ut it ferhaal 'It suske fan' fan Thys Wadman.

Foto: Omrop Fryslân

Thys Wadman

Thys Wadman (1956) is skriuwer, is krekt as ûnderwizer mei pensjoen gien en muzikant. It ferhaal is in leafdesferhaal tusken in jonge en in famke, se liket op in model. "Ik hie it skreaun foar in ferhalebondel foar it fuortset ûnderwiis, mar de gearstallers fûnen it net passend, it wie te heftich, mar dat fyn ik sels net." Skoalle hat altyd in ynspiraasjeboarne foar him west. "Ik bin begûn mei skriuwen foar de taalmetoade Studio F, dat die ik mei Mindert Wijnstra. Ik hie in ferhaal makke en Mindert sei doe dat it wol wat wurde koe." Ferline jier brocht er in boek út oer syn heit, de skriuwer Anne Wadman (1919-1997).

Wadman fynt skriuwen moai om te dwaan. "Kinst it sels betinke, it kin alle kanten op." Syn lêste boek, Jorrit en Philo begjinne in klup, is koartlyn as omnibus útkaam mei de earder ferskynde boeken De Fûgelklup en De Hûneklup. Hy hat noch in stille winsk. "Ik wol in ferhaal fan ús heit ferfilmje, mar mear sis ik der noch net oer."

De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân, City of Literature en Omrop Fryslân. Acht wiken lang wurdt sneons in nij ferhaal publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)