Stoarm raast oer: dûnsjend dak tankstasjon, knakte mêst, omwaaide beammen en wetteroerlêst

27 des 2020 - 16:10

Stoarm Bella raast oer Fryslân. It is de earste stoarm fan dizze winter. Flylân krige as earst mei Bella te krijen, dêr wie it snein fan 3.00 oere ôf al wynkrêft njoggen. It KNMI hat foar hiel Nederlân koade giel ôfjûn. Ut ferskate plakken yn Fryslân komme meldingen fan stoarmskea. De Meldkeamer Noard-Nederlân hat sa'n 50 meldingen krigen fan stoarmskea.

Hurde wyn yn Harns

Bella soarget de hiele sneintemoarn foar in hurde wyn: der binne swiere wynstjitten, fan 80 oant 110 kilometer yn 'e oere. Benammen yn it Waad- en Iselmargebiet stiet in stoarmeftige wyn, mei wynstjitten dy't oprinne oant wynkrêft 12. Boppe lân kinne pûsters foarkomme fan wynkrêft 8 of 9.

Wetterskip Fryslân nimt dêrom maatregels, want de wyn kin foar hegere wetterstannen soargje. Ferskate gemalen yn de provinsje steane oan om wetter ôf te fieren nei de Waadsee.

Skeameldingen troch de hiele provinsje

Op de sneldyk A31 by Dronryp hat de brânwacht fjouwer kear yn aksje west om beammen fan de dyk te heljen. Yn Ljouwert stiet it wetter heech yn de grêften en strûpe de kaden ûnder. By de McDonald's op De Jouwer is in mêst fan 15 meter boppeyn 'knakt'. Stikken fan de mêst binne nei ûnderen fallen.

Yn Kollumersweach soarge de hurde wyn derfoar dat it dak fan it tankstasjon oan de Foarwei begûn te 'dûnsjen'. De dakkonstruksje gie gefaarlik op en del. De plysje hat de omjouwing ôfset mei linten en de dyk ôfsletten foar it trochgeande ferkear.

Dûnsjend dak tankstasjon Kollumersweach

Yn 'e middei wurdt it rêstiger, seit Piet Paulusma

Yn Stiens rekke in part fan it dak fan in appartemintekompleks los, op De Jouwer barde it selde by in boatebedriuw. Yn Harns sloech in reklameflagge troch in rút, yn Aldwâld is de krystbeam fan it doarp sneuvele. Ek yn ûnder oare Folsgeare, Ternaard en Dokkum binne meldingen dien fan stoarmskea.

Koade giel jildt yn Fryslân oant 15.00 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)