Rekôrtal stimmen útbrocht op de Fryske top 100

Noch noait ha safolle minsken har stim útbrocht op de Fryske top 100 as dit jier: 10.497. Sy ha elk har fiif favorite Fryske nûmers útsocht. Dat binne 2.272 stimmers mear as ferline jier. Twadde krystdei wie neffens tradysje de lêste dei dat minsken stimme koene.
Lêste stimdei Fryske top 100
De stimmerij sette dit jier earder as oars útein, boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert joech al op 31 oktober it startsein. "Fanwege de corona ha we de stimperioade wat langer makke", fertelt muzykredakteur Herman Zeilstra fan de Fryske top 100. "We ha ek mear kontakt socht mei artysten, om mear ferhalen achter de nûmers op te sykjen. Ek op telefyzje ha we der mear oan dien. Dat allegear, mei it feit dat elkenien opsletten siet, hat derfoar soarge dat it sa mâl gong is."
Omrop Fryslân joech op twadde krystdei yn in spesjaal programma omtinken oan de lêste stimdei. Dat programma bestie út telefoantsjes mei harkers, Fryske muzyk en optredens fan artysten, lykas Weima & Van der Werf, Sipke de Boer en Grytz en Grize. Hichtepunt wie it reünykonsert fan Die Twa. Yn 2015 hold it duo op te bestean.

Jukebox

Alle stimmers meitsje wer kâns op de Fryske top 100 jukebox. De jukebox wurdt op 31 desimber fuortjûn yn de útstjoering. De Fryske top 100 wurdt op âldjiersdei útstjoerd fan 6.00 oant 18.00 oere. In dei earder, op woansdei 30 desimber om 20.30 oere, is der in online kwis oer Fryske muzyk.