Skuorre yn De Rottefalle folslein ôfbrând nei koartsluting

By in brân yn De Rottefalle is in skuorre folslein yn 'e jiske lein. Troch de hurde wyn koe it fjoer sneontejûn fluch om him hinne slaan, wêrtroch't de skuorre al gau hielendal yn 'e brân stie. De brânwacht hat it njonkenlizzende hûs rêde kind.
© SRFotografie
De brân oan De Bosk is begûn by in auto yn de skuorre. Neffens omstanners wie der koartsluting ûntstien. Op it terrein en yn de skuorre stiene ferskate auto's en in frachtwein. Dy lêste is rêden.