Sinnewaarmte op Twadde Krystdei by earste konsert fan Die Twa yn fiif jier

26 des 2020 - 21:29

Foar it earst yn fiif jier stiene Krijn en Jacob Dijkstra wer by mekoar op it poadium. Publyk wie der net, fanwege de jildende coronaregels, mar Omrop Fryslân wie der wol.

Sjoch hjir nei it folsleine reunykonsert fan Die Twa

Yn 2015 hâlde it duo op te bestean, om't de mannen ta wienen oan in nije útdaging. "Net in maklik beslút doe, mar gelokkich ha wy nea sein dat we hielendal net wer tegearre optrede soenen", fertelt Jacob Dijkstra. De mannen hiene 12 jier tegearre song.

Trefwurden: 
Die Twa
(Advertinsje)
(Advertinsje)