Frou (70) komt om it libben by brân yn wenning Muntsjesyl

26 des 2020 - 22:08

By in brân yn Muntsjesyl is in 70-jierrige frou om it libben kaam. Dat meldt de plysje. It giet om de bewenster fan it hûs. In wurdfierder fan de bânwacht meldt dat der in fûle brân west hat yn de keuken fan it hûs.

Foto: AS Media

In buorman hie de brânwacht belle, doe't er yn de gaten krige dat der in protte reek yn de wenning stie. Dat wie om acht oere hinne. Doe't de brânwacht oankaam, bliek der noch ien persoan yn it hûs te wêzen. Minsken fan de brânwacht ha har noch wol út it hûs helle, mar de help kaam te let.

It is op dit stuit net dúdlik wat de oarsaak fan de brân west hat. De plysje docht dêr ûndersyk nei.

Trefwurden: 
brân Muntsjesyl
(Advertinsje)
(Advertinsje)