GGD: Corona yn mear as 50 Fryske soarchsintra, bewenners en meiwurkers moatte yn karantêne

26 des 2020 - 20:23

Yn de Fryske soarchsintra wurde noch alle dagen nije coronabesmettings fêststeld. De ôfrûne wike wiene it der mei mekoar 61. Neffens de lêste gegevens fan de Fryske GGD binne der op dit stuit 52 sintra foar âldereinsoarch yn de provinsje dy't mei ien of mear coronabesmettings te krijen hawwe.

Hast 300 nije coronagefallen yn Fryslân: oantal besmettingen wurdt hieltyd heger

Yn Ljouwert is Havankhof, in ûnderdiel fan soarchsintrum Erasmus, tydlik ticht fanwege in nije coronabesmetting. Besite wie hjir dizze krystdagen net tastien.

De soarchsintra wrakselje hjirmei. Soarchsintra wikenlang ôfslute, lykas ôfrune maaitiid, is yn striid mei de nije COVID-wet. Sels as der corona útbrutsen is hat eltse bewenner yn prinsipe rjocht op besite fan ien famyljelid. Soarchsintra kieze der dêrom faak foar om bewenners mei corona te isolearjen en by foarkar net in hiele ynstelling, mar allinnich in ôfdieling tydlik te sluten.

Trefwurden: 
soarchsintra coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)