Wetterskip nimt maatregels fanwege stoarm mei wynkrêft 12

26 des 2020 - 21:14

Wetterskip Fryslân nimt previntive maatregels mei it each op in oankundige súdwesterstoarm mei swiere wynstjitten. Dy wurdt tusken sneontejûn en sneintemiddei yn Fryslân ferwachte. De wetterstân yn de Fryske boezem is nei ûnderen brocht, en tal fan slûzen binne sletten.

It J. L. Hooglandgemaal Gemaal yn Starum - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Waarman Piet Paulusma ferwachtet yn it Waad- en Iselmargebiet in stoarmeftige wyn, mei wynstjitten dy't mooglik oprinne kinne oant wynkrêft 12. Boppe lân kinne pûsters foarkomme fan wynkrêft 8 of 9.

Neffens it wetterskip soe de wyn lokaal foar hegere wetterstannen soargje kinne, wêrtroch't der mooglik wetter oer polderdiken slacht. Troch de slûzen by Dokkumer Nije Silen en Zoutkamp iepen te setten hopet it wetterskip dat foar te kommen. En it Hooglandgemaal by Starum pompt ek wetter út de boezem de Iselmar yn.

Foar de krystdagen binne by Goaiïngaryp en Broek al slûzen sletten, om hege wetterstannen troch opwaaiïng tsjin te gean.

Neffens it wetterskip wurde der op de Waadsee gjin hegere wetterstannen ferwachte as normaal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)