Kramer feroveret WK-ticket op 5.000 meter, Roest rydt nij baanrekôr

26 des 2020 - 16:45

Sven Kramer hat him sneontemiddei op it kwalifikaasjetoernoai yn Thialf op de 5.000 meter pleatst foar it WK ôfstannen. De mearfâldich olympysk kampioen waard mei 6.12,57 twadde. Ek Patrick Roest giet nei it WK. Hy ried mei 6.08,21 in nij baanrekôr.

Wat stiet der op it programma en watfoar tickets binne der te ferdielen?

  • EK allround (16-17 jannewaris): de earste twa reedriders oer in klassemint fan de 1500 meter en de 3000 meter by de froulju en de 5000 meter by de manlju pleatse harren foar it EK allround. Antoinette de Jong en Patrick Roest ha harren op it NK Allround al pleatst;
  • Twa World Cups (22-24 en 29-31 jannewaris): de bêste fiif op eltse ôfstân pleatse harren foar de wrâldbekers. Allinnich de 5000 meter foar de froulju en de 10.000 meter foar de manlju wurde net ferriden op de wrâldbekers;
  • WK ôfstannen (11-14 febrewaris): de bêste trije op eltse ôfstân pleatse harren foar it WK. Allinnich op de 1000 meter en 5000 meter by de manlju moat Nederlân op de wrâldbekers noch in tredde WK-ticket ôftwinge.

Jorrit Bergsma fan Aldeboarn einige mei 6.13,82 as tredde, mar moat noch efkes yn de wachtkeamer, om't Nederlân it tredde startbewiis foar it WK noch fertsjinje moat by de twa wrâldbekers.

Op dy wrâldbekers mei hy yn elk gefal fan start gean. Ek Marwin Talsma fan Grou, dy't mei 6.13,86 mar krekt stadiger wie as Bergsma, en Marcel Bosker meie starte op dy wrâldbekers.

Bob de Vries fan De Haule, Bart de Vries fan It Hearrenfean en Ids Bouma fan Aldehaske kamen net yn de buert fan de ynternasjonale startplakken.

Utslach 5.000 meter

1. Patrick Roest 6.08,21
2. Sven Kramer 6.12,57
3. Jorrit Bergsma 6.13,82
4. Marwin Talsma 6.13,86
5. Marcel Bosker 6.14,04
13. Bob de Vries 6.25,89
15. Bart de Vries 6.30,67
18. Ids Bouma 6.34,23
(Advertinsje)
(Advertinsje)