Hast 300 nije gefallen fan corona yn Fryslân: oantal besmettingen hieltyd heger

26 des 2020 - 15:34

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 299 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat is it ien-nei-heechste oantal dat der yn Fryslân oait meld is. Allinne op 20 desimber wiene der mear besmettingen: doe wiene it der 322.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Hast 300 nije coronagefallen yn Fryslân: oantal besmettingen wurdt hieltyd heger

Ek yn de Fryske soarchsintra wurde noch alle dagen nije coronabesmettings fêststeld. De ôfrûne wike wiene it der meiïnoar 61. Neffens de lêste gegevens fan GGD Fryslân hawwe op dit stuit mar leafst 52 Fryske sintra foar âldereinsoarch mei ien of mear coronabesmettings te krijen. Yn Ljouwert is Havankhof, in ûnderdiel fan soarchsintrum Erasmus, tydlik ticht fanwege in nije coronabesmetting. Besite wie hjir dizze krystdagen net tastien.

De soarchsintra wrakselje hjirmei. Soarchsintra wikenlang ôfslute, lykas ôfrune maaitiid, is yn striid mei de nije COVID-wet. Sels as der corona útbrutsen is hat eltse bewenner yn prinsipe rjocht op besite fan ien famyljelid. Soarchsintra kieze der dêrom faak foar om bewenners mei corona te isolearjen en by foarkar net in hiele ynstelling, mar allinnich in ôfdieling tydlik te sluten.

Trefwurden: 
coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)