Jesper Hospes grypt op 500 meter neist ynternasjonale tickets

26 des 2020 - 14:58

Jesper Hospes fan It Hearrenfean is der op it WK-kwalifikaasjetoernoai yn Thialf net yn slagge om him te pleatsen foar de ynternasjonale reedrydtoernoaien. De Fryske reedrider einige as sânde. De 17-jierrige Tim Prins fan De Jouwer waard 24e.

Jesper Hospes nei 500 meter

Wat stiet der op it programma en watfoar tickets binne der te ferdielen?

  • EK sprint (16-17 jannewaris): de earste twa oer in klassemint fan de 500 meter en de 1000 meter pleatse harren foar it EK allround. Jutta Leerdam en Hein Otterspeer ha harren op it NK Sprint al pleatst;
  • Twa World Cups (22-24 en 29-31 jannewaris): de bêste fiif op eltse ôfstân pleatse harren foar de wrâldbekers. Allinnich de 5000 meter foar de froulju en de 10.000 meter foar de manlju wurde net ferriden op de wrâldbekers;
  • WK ôfstannen (11-14 febrewaris): de bêste trije op eltse ôfstân pleatse harren foar it WK. Allinnich op de 1000 meter en 5000 meter by de manlju moat Nederlân op de wrâldbekers noch in tredde WK-ticket ôftwinge.

Op it kwalifikaasjetoernoai waard de 500 meter twa kear ferriden, wêrby't allinnich de fluchste meitelt. Nei de earste 500 meter stie Hospes mei 35,10 op it sechde plak en dus moast hy in plakje omheech om him te pleatsen foar de wrâldbekers. De Fries wie yn syn twadde 500 meter mei 35,18 lykwols stadiger.

De tickets foar it WK giene nei Kai Verbij (34,63), Dai Dai N'tab (34,71) en Ronald Mulder (34,91). Hein Otterspeer, dy't yn syn twadde rit foel, ried ek 34,91 mar kaam krekt twa tûzensten tekoart om him te pleatsen foar it WK. Hy mei wol nei de wrâldbekers, krekt as Lennart Velema (35,05).

Hospes rydt moandei noch op de 1.000 meter. As hy him op dy ôfstân ek net wit te pleatsen, dan sit syn reedrydseizoen der op.

Snelste 500 meters

1. Kai Verbij 34,63
2. Dai Dai N'tab 34,71
3. Ronald Mulder 34,91(6)
4. Hein Otterspeer 34,91(8)
5. Lennart Velema 35,05
7. Jesper Hospes 35,10
24. Tim Prins 36,42
(Advertinsje)
(Advertinsje)