It coronaskoaljier fan Alida, Jellie en Franc: panykoanfallen en beppe net mear oankrûpe kinne

26 des 2020 - 14:25

"Doe't ik neitocht oer wat ik opskriuwe moast oer dizze perioade tocht ik: der bart ommers neat. Wat moat ik dan opskriuwe? Mar dat is it krekt: der bart neat, wylst ik op myn santjinde krekt fan alles meimeitsje moatte soe." Dat seit Jellie de Vries as sy mei klasgenoatsjes Franc van der Werff en Alida Veenstra en dosint Auke Zeldenrust prate oer dizze bysûndere tiid.

Alida Veenstra, Jellie de Vries en Franc van der Werff - Foto: Geartsje de Vries

Auke Zeldenrust is dosint maatskippij en media op in gymnasium yn Ljouwert. Oan it begjin fan it skoaljier hat er de fyfdeklassers de opdracht jûn om op te skriuwen wat de coronakrisis mei harren docht want "it is in histoaryske tiid. Jimme moatte dit fêstlizze, net allinnich omdat dit no in skoalopdracht is. Ek omdat dit sa bysûnder is dat jimme dit letter weromlêze wolle."

De learlingen leveren krekt foar de krystfakânsje allegearre in epistel yn mei in beskriuwing hoe't se harren fiele, wat se tinke en watfoar gefolgen it hat foar harsels en har neisten. Seisentweintich hiel persoanlike ferhalen fan bern fan sechtjin en santjin jier oer iensumens, karantêne, panykoanfallen, depressy en wurgens.

Zeldenrust, njonken dosint ek ferslachjouwer by Omrop Fryslân, wie ferrast. "It hakt der sa bot yn. Dat ha wy net sa yn 'e gaten. We sizze wol hieltyd tsjinelkoar dat it foar de jongeren sa slim is en dat we om harren tinke moatte, mar no stiet it der swart op wyt, beskreaun troch de jongelju sels."

Auke Zeldenrust oer wat de learlingen beskriuwe

Alida Veenstra fan Wytgaard krige panykoanfallen. "It is net sa dat dat no ynienen barde. Ik haw der al in pear jier lêst fan. Mar troch de corona wurdt it wer mear. Ik begjin te pikerjen en reitsje de kontrôle kwyt."

Wat der dan krekt mei har bart, kin se net útlizze. "Dat is net te beskriuwen. Ik kin net fertelle wat der mei my bart as ik sa'n oanfal haw." Op de fraach hoe't se der wer út komme kin, antwurdet se: "Troch ôflieding te sykjen. Muzyk meitsje, wurkje en mei freondinnen prate. Mar krekt dat is no sa dreech."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Alida Veenstra oer panykoanfallen

Foar Franc van der Werff út Surhuzum is it oars. "Foar my is der net in hiel soad feroare. Ik wie earst wol bliid dat wy net nei skoalle hoegden en dat de toetswike net trochgie, mar ik haw no myn nocht der wol fan." Yn syn opstel beskriuwt Franc hoe't earst syn mem corona krige en letter de hiele húshâlding. "Ien foar ien waarden wy siik en krekt doe't ik tocht dat it oan my foarbygean soe, waard ik ek siik."

It online les krije wie foar Franc dreech. "Ik haw ek wolris de les oanset, mar dan folge ik dy net. Dan die ik wat oars." Mar as dan de toetswike tichterby komt, beseft er dat er al wat dwaan moat.

Franc van der Werff

Pinegrove

"Earst wie ik hiel egoïstysk: it iennige dat ik belangryk fûn yn maart doe't Rutte in parsekonferinsje joech, wie de fraach oft ik wol nei it konsert fan myn favorite band - Pinegrove - koe. En doe sei er: "Alle bijeenkomsten van meer dan honderd mensen worden afgeschaft." Myn jier is ferpest tocht ik en ik bin nei boppen gien. Ik haw de rest fan de parsekonferinsje net iens mear sjoen", seit Jellie de Vries. Se beskriuwt it ek yn har opstel. Fierder skriuwt se suver wat filosofysk.

"Zoals ik aan het begin van de lockdown letterlijk uit het raam keek, keek ik daarna ook figuurlijk uit een raam. Ik kon via de media volgen wat er gebeurde buiten mijn huis, buiten mijn kleine dorpje in Friesland. Elke dag zag ik talloze dingen door dat raam. Ik zag dokters hard aan het werk, mensen worstelen tegen ziektes en winkels op het randje van faillissement. Maar ik zat thuis achter het raam. Losgekoppeld van alles wat leuk was, losgekoppeld van alles wat akelig was, losgekoppeld van echt gewoon alles".

Jellie de Vries

Alle trije fine se it dreech om net mear mei pake en beppe te krûpen. "Alle wiken bin ik by beppe, want ik meitsje dêr skjin. En as ik dan wer fuortgean, dan krûpe we even. En no praat ik troch it rút mei har. Beppe fynt it hiel dreech, se moat derom skrieme", fertelt Alida. Inoar oanreitsje heart by de minske, it sit yn ús natuer, tinkt se. Sa't wy no mei-inoar omgean, heart net by ús.

Yn har opstel skriuwt se: "Ik fyn de oardel meter ûnminsklik. Minsken hawwe ferlet fan kontakt. Beppe wie fertrietlik, omdat har beppesizzers gjin oankrûpers jaan mochten. Minsken oertrêdzje net samar de regels. Do kinst net mei ôfstân libje".

Alida Veenstra oer har beppe

Oer de fraach oft der ek wat posityfs út dizze tiid komt, moatte de trije gymnasiasten djip neitinke. Uteinlik komme se der op dat se wol wat leard hawwe: Dat skoalle mear is as in ynstitút dêr't se fan alles leare en dat harren tariedt op de takomst. It is ek it plak dêr't se sosjale feardichheden leare, freonen meitsje en inoar dingen fertelle dy't se thús net fertelle. Alida fertelt oer in bysûndere les dy't se hân hawwe mei dosint Zeldenrust. "Doe fielde ik echte ferbining mei myn klasgenoaten."

Zeldenrust is bliid dat Alida dat seit, want "dat fielde ik ek. Ik haw nei de les ek noch mei in groepke learlingen neipraat. Hiel bysûnder wie dat. Sjoch, yn dizze tiid fan ôfstân kinne we ferbining meitsje troch inoar ús ferhaal te fertellen. Mei dit projekt is dat slagge. We hawwe inoar ferteld wat ús dwaande hâldt, wêr't we mei sitte en wat we dreech fine. We hawwe nei-inoar harke en dat hat foar ferbining soarge."

(Advertinsje)
(Advertinsje)