Omrop TIP: Berchrede fan it flakke lân, diel 1

26 des 2020 - 11:08

Hoe sil de maatskippij der nei de coronakrisis hinne lizze? Yn de searje 'De berchrede fan it flakke lân' jout Fryslân DOK it wurd oan minsken dy't in perspektyf formulearje.

It lân fan moarn freget de moed fan hjoed - Foto: Omrop Fryslân

De maatskippij waard yn de maitiid ferlamme troch de coronakrisis. No oan de ein fan 2020 sit it lâns sels in folsleine lockdown. Yn dy opleine stilte wurdt neitocht oer de takomst. Hokker ynsichten komme nei boppen? Wat moat mei, ûnderweis nei de nije tiid? Wat moat oars en better?

Programmamakker Bart Kingma - Foto: Omrop Fryslân

Mei 'De berchrede fan it flakke lân' begûn Fryslân DOK yn maaie 2020 in nije searje om antwurden op dizze fragen te sykjen. Programmamakkers Bart Kingma en Albert Jensma meitsje tegearre mei kameraman Jan Bensliman in rige dokumintêres mei de skriuwers oan de 'berchrede'. Elk skriuwt syn eigen part en wiist yn in rjochting, ûnder it motto: 'It lân fan moarn freget de moed fan hjoed'. Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach en kultureel ûndernimmer Oeds Westerhof bite it spits ôf. Yn in essay oarderje sy harren gedachten oer de takomst.

Ineke van Gent, boargemaster Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân

Ineke van Gent

Ineke van Gent is Grien Links-politika en sûnt 2017 boargemaster fan Skiermûntseach. Yn har betooch hat se oer earlik diele: "Ik verlang naar een schone solidaire wereld, met coronamedicijn, waar we elkaar het beste gunnen en waar we willen delen. Laat ons inzien dat we wellicht een pas op de plaats moeten maken. Dat we moeten inzien dat alles hebben, alles opeisen, alles vanzelfsprekend vinden, alles, alles, alles, alles... niet de manier is waar we gelukkig van worden en voorbijgaat aan de kern van ons bestaan.'

Oeds Westerhof - Foto: Omrop Fryslân

Oeds Westerhof

Oeds Westerhof is kultureel ûndernimmer. Hy wie tige aktyf yn LF Kulturele Haadstêd 2018. Yn de 'berchrede' pleit er foar in basisynkommen foar elkenien: "Lit ús dan begjinne mei it wearber meitsjen fan minsken. Lit ús oan elk de wissichheid jaan dat der moarn jild is om iten, hûs, soarch en persoanlike ûntwikkeling te beteljen. Troch romme sekerheid te bieden foar de meast basale saken, beheine we risiko's op ûnnedich leed en rebûlje. Dat kin regele wurde troch in basisynkommen of dat kin troch in nij belestingstelsel mei, sa nedich, negative belesting. Sûnt Rutger Bregman it basisynkommen 'Gratis Geld voor Iedereen' neamd hat, liket it my tûker it te sykjen yn it belestingstelsel. Selde effekt, minder wjerstân."

Fryslân DOK 'De berchrede fan it flakke lân diel 1' is earder op telefyzje útstjoerd op 16 maaie 2020.

Sneon 26 desimber NPO2 13.10 oere (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 27 desimber 13.10 oere)

Snein 27 desimber Omrop Fryslân 17.00 oere (Nederlânsk ûndertitele, werhelling alle oeren)

(Advertinsje)
(Advertinsje)