Soarch by brune float: Taseine 15 miljoen stipe is der noch hieltyd net

26 des 2020 - 10:04

De brune float hat grutte soargen oer de takomst. Troch de coronakrisis kinne âlde sylskippen al hiel lang net mear útfarre mei gasten. En de sektor dêromhinne fertsjinnet ek neat. It ryk hat 15 miljoen euro stipe tasein, mar dat jild is der noch altyd net.

Protest brune float yn aksje foar Pampus - Foto: Nynke Elzinga

Fan 't simmer lei in grut diel fan de brune float by wize fan aksje foar Pampus by Amsterdam. Nei de aksje sieten de wurdfierders om tafel mei steatsekretaris Mona Keijzer. Der waard 15 miljoen euro tasein. Dêrmei koene skippers en ûndernimmers yn de sektor de winter trochkomme, mar it jild is der noch hieltyd net, en it is ek net dúdlik wannear't en oft it der noch komt.

Eelke Dijkstra - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

As der in erfenis is, hawwe jo yn ien kear in hiel soad famylje.

Eelke Dijkstra

Undernimmer en âld-skûtsjeskipper Eelke Dijkstra: "Wy tochten dat de diskusje gean soe oer wat ûnder de brune float falt. Want as der in erfenis is, hawwe jo yn ien kear in hiel soad famylje. Mar de diskusje giet no ek oer it gelykheidsbeginsel. Der moast steatsstipe oan in bepaalde groep jûn wurde."

"As sein wurdt dat der in bepaald bedrach komt, gean jo derfan út dat jo dat krije. En dat is no hiel ûnwis. "

Eelke Dijkstra

"Wy foelen achteroer fan fernuvering dat dizze diskusje no noch fierd wurde moast, en ek oer de ferdieling fan it jild en hoe dan. Der sitte boppedat kosten oan fêst en dy gean der ek wer fanôf. As sein wurdt dat der in bepaald bedrach komt, gean jo derfan út dat jo dat krije. En dat is no hiel ûnwis."

Tydlik oar wurk yn binnenfeart

De brune float kin yn dizze drege tiden inkeld mar ynvestearje yn needsaaklike dingen. In soad sykje tydlik oar wurk, begelyks op de binnenfeart of se dogge putsjes oanboard. Dijkstra is bang dat in tal bedriuwen technysk sjoen al fallyt binne.

Foarseizoen sûnder ynkomsten

Takom jier wurdt tige lestich, seit Dijkstra. It is moai dat der in faksin komt, mar dat sil net earder op grutte skaal tapast wurde as yn de simmer en dan sit de brune float wol mei in mist foarseizoen. Boppedat boeke de gasten no net. En hoe moat it dan as jo mei groepen farre wolle, freget Dijkstra him ôf. "De wil is der wol, mar kwa organisaasje wurdt it hiel dreech."

Eelke Dijkstra

Trefwurden: 
brune float Eelke Dijkstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)