Auto yn sleat op N384 tusken Tsjummearum en Doanjum

26 des 2020 - 09:06

Tusken Tsjummearum en Doanjum is yn nacht fan earste op twadde krystdei in auto yn de sleat bedarre. De bestjoerder is foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs.

De auto dy't by Doanjum de sleat yn riden wie, wurdt fuorttakele - Foto: SR Fotografie

It iensidige ûngelok barde om sawat kertier oer fjouweren hinne. De oarsaak is noch net bekend. In berger út Snits hat de auto út de sleat helle en ôffierd.

Foto: Screenshot Google Maps
Trefwurden: 
Tsjummearum N384 Doanjum
(Advertinsje)
(Advertinsje)