EOD yn aksje yn De Westereen fanwegen fjoerwurkbom

De eksplosive-oprommingstsjinst (EOD) is freedtejûn yn aksje kaam yn De Westereen. Dat barde nei't der by de plysje melding dien wie fan in mooglik eksplosyf oan de Sportloane. Om't de plysje de situaasje net fertroude waard de EOD ynskeakele.
© De Vries Media
Neist de plysje en de EOD kamen út foarsoarch ek de brânwacht en in ambulânse nei it doarp. De oprommingstsjinst hat in stik swier fjoerwurk meinaam, nei alle gedachten giet it om in selsmakke fjoerwurkbom.