Piet Paulusma warskôget foar stoarm dit wykein: "Utsjitters oant krêft tolve"

It kin dit wykein, benammen yn de nacht fan sneon op snein, aardich spûkje yn ús provinsje. Dat komt troch de hurde wyn, sa warskôget waarman Piet Paulusma freed: "Boppe it Waad, yn 'e buert fan Flylân, kin der útsjitters by sitte oant wol krêft tolve!"
© Omrop Fryslân
Sneontemiddei is de loft earst berûn, mei sa no en dan wat rein. "Mar dan komt it", sa seit de waarman. Letter op de dei hellet de wyn oan, en Piet warskôget minsken dêr dan ek foar. "Benammen wannear't se noch spul yn de tún stean ha, of bygelyks mei de krystferljochting bûtendoar."
Sneontejûn en yn de nacht fan sneon op snein giet de wyn hielendal los. "Yn it Waadgebiet giet it om in stoarm krêft njoggen, mei wynstjitten fan krêft tsien oant tolve út it suden en súdwesten. Boppe lân ha ik maksimaal krêft tsien stean. Pas letter op snein wurdt it allegearre wat rêstiger."
Piet Paulusma oer de stoarm dy't deroan komt