De Wielenpôlle útroppen ta 'mooist verlichte kerststraat van Nederland'

De Ljouwerter wyk Wielenpôlle is de moaist ferljochte kryststrjitte fan Nederlân. Alteast, dat sizze de sjoggers fan SBS6. It programma Hart van Nederland hie de ferkiezing útskreaun. "Onvoorstelbaar, geen woorden voor. Maar we hadden het ook wel verwacht, want er zijn hier denk ik wel 20.000 mensen door de wijk gereden", sa seit buertbewenner Angela Mebius tsjin SBS6.
Krystdoarp Wielenpôlle
Neffens it telefyzjestasjon kamen der sa'n 15.500 stimmen binnen, wêrfan mear dan de helte foar de Wielenpôlle. De krystljochtsjes yn de Ljouwerter wyk soargje alle jierren wol foar drokte, mar sa drok as dit jier hawwe se it noch noait hân. Bewenners hiene it der sa drok mei, dat se net mear oan it eigen krystfeest takomme. Twadde krystdei begjinne se dêrom de ljochtsjes wer fuort te heljen.
Takom jier binne de ljochtsjes wer te sjen yn de Wielenpôlle.