Frachtweinsjauffeur Bas hat nije doelstelling: "Voor oud en nieuw thuis"

Frachtweinsjauffeur Bas Groeneveld, dy't wurket foar Boonstra transport út Haulerwyk, stiet noch altyd mei syn frachtauto fêst yn Ingelân. Tegearre mei tûzenen kollega's wol hy nei it Europeeske fêstelân ta, mar dat slagget noch net. De grinzen wiene ticht fanwegen in mutaasje fan it coronafirus dy't yn Ingelân oantroffen is. Sûnt woansdei kinne sjauffeurs mei in negative test dochs noch de pont of trein nimme. Mar dat duorret lang, en de prosedueren binne net allegearre dúdlik.
De rige mei frachtweinen © Bas Groeneveld
By Omrop Fryslân folgje wy al in pear dagen it ferhaal fan Bas. Tongersdei wie hy fiif kilometer fierder dan de dei derfoar, en ek freed sit de gong der net echt yn. "Ik ben weer vijf of tien kilometer opgeschoten, maar het is niet helemaal duidelijk hoe nu verder. Er staat politie bij een stoplicht, en als dat stoplicht op groen gaat, mogen er een aantal vrachtwagens naar het volgende blok. Waarschijnlijk worden we daar getest op corona, en hopelijk ben je dan negatief zodat je weer verder kan naar een volgend blok. Niemand heeft informatie over hoe het precies zit, dus dat is afwachten."

Britske leger

Der binne berjochten dat it leger ynset wurde sil om ta in oplossing te kommen, no't de sjauffeurs allegearre in coronatest dwaan moatte. "Ik heb ook gehoord dat het leger ingezet gaat worden, maar ik heb geen idee hoe dat in zijn werk gaat. Of ze een plek hebben waar iedereen getest wordt, of dat ze langskomen om iedereen in de auto te testen, ik weet het niet. Het lijkt wel of niemand het weet."
Frachtweinsjauffer Bas Groeneveld sit noch altyd fêst yn Ingelân
Earder dizze wike hie de frachtweinsjauffeur noch hope dat hy mei de krystdagen thús wêze soe. "Er staat nog zo'n 40 kilometer voor me denk ik aan file. Aangezien er maar mondjesmaat vrachtwagens worden doorgelaten, hoop ik nu dat ik tijdens oud en nieuw thuis ben. Dat is de nieuwe doelstelling."

Iten en drinken

Oant dy tiid hopet Groeneveld benammen dat hy genôch hat oan syn foarried iten en drinken. "Met wat ik nu heb kan ik het nog wel rekken tot morgen, maar dan kan ik alleen eten als ik heel erg honger heb. Hopelijk regelen ze wat, dat ze eten langsbrengen of dat we ergens wat kunnen kopen. Maar ook daar hoor je niks over. Er zijn hier wel twee mensen langs geweest, die op eigen houtje wat spullen hebben uitgedeeld. Dat is heel lief, maar op lange termijn red je het daar ook niet mee."