278 nije coronabesmettingen yn de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân

25 des 2020 - 15:28

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 278 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. It binne der 6 mear as tongersdei, doe't der 272 fêststelde besmettingen meld waarden.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân binne de measte besmettingen konstatearre, dêr giet it om 52 besmettingen yn de ôfrûne 24 oeren. Dêrnei folget Ljouwert mei 47 besmettingen.

Der is ien persoan yn it sikehûs yn rekke en der binne ek twa minsken oan it firus ferstoarn yn de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân. De twa ferstoarne minsken komme út Ljouwert en Súdwest-Fryslân.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne der by it RIVM 11.550 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne der hast likefolle as tongersdei doe gie it om 11.555.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus coronasifers
(Advertinsje)
(Advertinsje)