Tsjerketsjinsten Omrop Fryslân gean de provinsje yn

25 des 2020 - 13:27

De tsjerketsjinsten dy't Omrop Fryslân eltse sneintemoarn útstjoert, komme yn 2021 net mear út de fertroude Martinitsjerke yn Frjentsjer wei, mar út ferskate plakken yn de provinsje. De Wurkgroep Tsjerketsjinsten Fryslân hat derta besletten om mei de 'Tsjerke fan de Moanne' mear tsjerklike gemeenten by de útstjoerings te belûken.

In lege Trinitas-tsjerke op it Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De Wurkgroep Tsjerketsjinsten Fryslân bestiet út de leden fan de Ried fan Tsjerken yn Fryslân en oansletten tsjerken en fan Stifting Krúspunt.

Trinitas fan de Protestânske Gemeente Hearrenfean is de earste 'Tsjerke fan de Moanne', mei fiif tsjinsten yn de moanne jannewaris. It tsjerkegebou is yn juny 2012 yn gebrûk naam.

It is boud ta ferfanging fan trije tsjerken: de Krústsjerke, de tsjerke oan de Fok en de Europlaantsjerke. De lêste tsjerke is no ûnderdiel fan it gebou. De namme Trinitas ferwiist nei de trije-ienheid fan dizze tsjerken.

De tsjinsten wurde troch ferskate tsjerken útfierd, sadat de oekumene ta syn rjocht komt. Nei Hearrenfean komme yn it earste healjier de útstjoerings út de regio's Burgum, Drachten, Nijkleaster, Dokkum en Snits.

(Advertinsje)
(Advertinsje)