Hylke Speerstra hast klear mei 'Testamint fan de siel'

26 des 2020 - 12:00

Skriuwer Hylke Speerstra seit dat er himsels yn karantêne pleatst hat. "Net fanwege corona, mar omdat it boek ôf moat." Mei 'it boek' doelt Speerstra op syn lêste grutte wurk dêr't er no mei dwaande is. It wurdt in grut wurk, mar Speerstra doart net te sizzen dat it syn grutste wurk wurdt. "Dan leit de latte wol hiel heech."

Hylke Speerstra - Foto: Omrop Fryslân

Dy hege latte komt fansels trochdat de skriuwer mei 'It wrede paradys' al in bestseller skreaun hat. It ferskynde yn 2000, krekt foar't 'Simmer 2000' begûn en dat wie in grut sukses. It waard yn it Nederlânsk (Het wrede Paradijs) en it Ingelsk (Cruel Paradise) oerset.

Fan de Fryske, Nederlânske en Ingelske ferzje binne mei-inoar sa'n 75.000 eksimplaren ferkocht. Ek oare titels fan Speerstra, lykas 'De kâlde erfenis', 'De oerpolder' en 'Op klompen troch de Dessa' binne hiel goed ûntfongen.

Testamint fan de Siel

It nijste wurk fan Speerstra krijt de titel 'Testamint fan de siel'. It giet oer twa Fryske emigranten yn Kanada, beiden tachtigers, dy't inoar by tafal moetsje op in evenemint, yn petear reitsje en in freonskip ûntwikkelje. Se skriuwe foarinoar harren libbensferhaal op en stuitsje dêrby op in soad oerienkomsten.

Oer de skriuwer

Hylke Speerstra waard yn 1936 berne op in pleats by Tsjerkwert. Hy waard yn 1958 ferslachjouwer by it Fries Landbouwblad en fia de Friese Koerier, Schuttevaer en it Agrarisch Dagblad waard er haadredakteur fan de Leeuwarder Courant. Nei't er yn 1996 mei pensjoen gien wie, lei er him hielendal ta op it skriuwen fan boeken.

Boeken

Speerstra begûn al betiid njonken syn sjoernalistike karriêre mei it skriuwen fan boeken. Yn 1968 debutearre hy mei de bondel skippersferhalen 'Heil om seil'. De bondel waard letter ek yn it Nederlânsk oerset. Foar de ferhalen hat er in grut tal skippers ynterviewd. Hy liet foar it earst de wurkwize sjen dêr't er bekend mei wurde soe: dy fan in sjoernalist dy't ferhalen skriuwt dêr't de troch him sammele feiten op literêre wize yn ferwurke binne. It is in styl dy't bygelyks ek troch Geert Mak hantearre wurdt.

Nei 'Heil om seil' ferskine 'Neaken en bleat foar de dokter' (1978), 'Kening op sokken' (1983) en 'Op redens oer' (1984). Yn 'Simmerlân' (1996) ferwurke Speerstra syn eigen ûnderfinings fan in kuiertocht troch Fryslân dy't er makke hat. Troch it sukses fan syn boeken waard er troch de provinsje Fryslân frege om ferhalen op te tekenjen fan it hurd ferdwinende boerelibben. It smiet de romans 'Yn de boer syn tiid' (1980) en 'De blikken brulloft' (1981) op.

It Nederlânsktalige 'De koude erfenis' (1998) wie kwa styl in tuskenfoarm: Speerstra kombinearre in ferslach fan syn eigen dielnimming oan de Alvestêdetocht fan 1997 mei allegearre anekdoates út de skiednis fan de Alvestêdetocht. It boek waard letter oerset yn it Frysk.

Bestsellers

De grutte trochbraak kaam yn 2000 doe't 'It wrede paradys' ferskynde. Yn dit boek tekenet Speerstra de libbensferhalen op fan Friezen dy't emigrearre binne nei lannen as Australië, Kanada, Nij-Seelân, de Feriene Steaten en Súd-Afrika.

Syn folgjende grutte projekt wie it beskriuwen fan it njoggentjinde-iuwske libben yn It Heidenskip. Hy prate mei mear as twahûndert bewenners, âld-bewenners en bestudearre famylje-argiven en âlde deiboeken. Wat er net wist, folle er oan mei fiksje. It resultaat wie 'De oerpolder'.

Syn lêste boek mei ferhalen waard 'Op klompen troch de Dessa' (2014), wêryn't er achttjin ferhalen optekene fan Ynje-feteranen.

Yn juny 2017 ferskynde syn roman 'De treastfûgel' as 'The comfort bird' yn Kanada en de Feriene Steaten. Speerstra, doe al 81 jier, stapte sels op it fleantúch foar in wikenlange promoasjetoer dêr.

Magnum Opus?

Dat it boek dat Speerstra no hast klear hat, syn masterwurk wurde moat, is in hiele opjefte. De skriuwer hat ommers al ien fan de bêst ferkeapjende Fryske boeken ea op syn namme stean: 'It wrede paradys'. "Do moatst ek net tinke dat dit my sa út 'e pinne floeit. Och heden nee, it kostet in hiel soad switdrippen en it giet echt net fansels", seit er oer it skriuwen sels.

"Mei dit boek gean ik djipper. De kamera giet om sa mar te sizzen djipper de gedrochten yn." Speerstra is net benaud dat dit syn fêste harkerspublyk ôfskrikke sil. "Dat falt wol ta, tink ik. Ik tink just dat se it wol moai fine sille."

Oer de ynhâld seit er: "It is fiksje, mar ik ha der wol ferhalen yn ferwurke dy't ik opdien ha fan emigranten. Dêrmei wurdt it in kombinaasje fan fiksje en non-fiksje. Dat it oer twa manlju op leeftyd giet, is net frjemd, want ik bin sels ek âld. Al fiel ik dat net sa, hear. Ik fiel my 24." De haadpersoanen yn 'Testamint fan de siel' binne dy twa âldere manlju, mar eins giet it boek oer harren memmen. Want memmen binne wichtiger as heiten. In mem hat it bern droegen. In frou is ek sterker as in man."

Speerstra is hast klear mei it boek. It lêste haadstik hat er fan 'e wike skreaun. "Ik bin oars wol in man fan it 'happy end', mar dat wurdt dit net. It einiget ferrassend tink ik".

Geartsje de Vries yn petear mei Hylke Speerstra

Yn in ekstra programma fan Buro de Vries op twadde krystdei, fan 10:00 oant 11:00 oere is Hylke Speerstra te gast om oer syn nijste boek te praten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)