Eigener buorkerij Wânswert mei wachtsje mei ôffier drugsôffal dongkelder

25 des 2020 - 08:55

De eigener fan in leechsteande buorkerij oan de Wirdsterterp yn Wânswert hoecht net fuortendaalks tsjin hege kosten mei drugsôffal fersmoarge dong út de dongkelders nei in erkende ôffalferwurker ôf te fieren. Dat bepaalde de Ried fan Steat dizze wike yn in spoedútspraak. Wol moat de eigener de dong foarearst yn de kelders sitte litte en mei de gemeente Noardeast-Fryslân oerlizze oer in definitive oplossing foar it probleem.

Foto: Plysje

It drugsôffal is ôfkomstich fan in drugslab dat in nije hierder fan de buorkerij begjin dit jier opset hie. De plysje rôle it drugslab nei twa moannen alwer op, mar der soe dochs noch flink wat drugsôffal yn de dongkelders dumpt wêze. Dêrfoar stelt de gemeente de eigener, dy't neat fan it drugslab wist, ferantwurdlik.

Finansjele strop foar eigener

Dat de eigener mooglik fallyt giet as hy de fersmoarge dong foar minimaal 300.000 euro nei in erkende ôffalferwurker ôffiere moat, fynt de Ried fan Steat gjin reden om de twangsom fan 450.000 euro yn te lûken. Earder lei de gemeente dy twangsom op om foar te kommen dat de eigener de dong útride soe. De gemeente easke dat buorkerijeigener fan Hylpen de fersmoarge dong sa gau as mooglik út syn trije dongkelders hellet.

Natuerlike ôfbraak

Neffens de advokaat fan de eigener sit der yntusken troch natuerlike ôfbraak fan drugsôffal gjin of hast gjin amfetamine mear yn de dong. Dy brekt neffens har nei ferrin fan tiid ôf yn ûnskuldige reststoffen. Ut eigen ûndersyk docht neffens de advokaat bliken dat de 2.500 ton dong nei in healjier probleemleas yn in dongfergister ferwurkje wurde kin. Dat soe folle goedkeaper wêze.

De twangsom bliuwt lykwols boppe de holle fan de eigener sweven, salang't der gjin definitive oplossing is foar de mei amfetamines fersmoarge drugs. As de gemeente de eigener genôch tiid jout en as hy mei ûndersyk oantoane kin dat der gjin drugsôffal mear yn de dong sit, kin hy it ek nei in dongfergister ôffiere. Dêr moat de gemeente lykwols wol oan meiwurkje wolle.

Foto: Plysje

Neffens de gemeente Noardeast-Fryslân sitte der wol deeglik drugsresten en -ôffal yn de dong. De gemeente wol benammen foarkomme dat de dong oer it lân útriden wurdt en dan fia bisten of planten yn de itensketen telâne komt.

De rjochter woe witte oft de dong oant en mei de behanneling fan de boaiemsaak takom jier sa lang yn de kelders bliuwe kin. Dan wol de Ried fan Steat útsykje oft der noch echt drugsresten yn de dong sitte en oft de dong definityf nei in ôffalferwurker moat of nei in dongfergister kin. Neffens de gemeente kin dat om't de kelders ôfset en fersegele binne.

Twadde proseduere

De eigener wol it perseel en de leechsteande feehâlderij sa gau as mooglik ferkeapje. Mar dat kin pas as it drugsdongprobleem oplost is.

Yn Den Haag rint der noch in aparte proseduere tusken de eigener en Wetterskip Fryslân om't in part fan de fersmoarge dong yn in sleat neist de buorkerij lekt wêze soe. Dêr moat de eigener ek noch oanfoljende maatregels tsjin nimme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)