Brânwacht sjit fêstriden ambulânse te help yn Drachten

25 des 2020 - 07:38

De brânwacht fan Drachten moast tongersdeitenacht útride foar kollega's yn noed. Krekt foar healwei ienen krigen se in melding dat in ambulânse fêstsiet yn de modder.

De swiere ambulânse mei in pasjint deryn wie fêst komme te sitten yn de sêfte ûndergrûn yn in gersfjildsje oan De Tuinen. De wein siet muorrefêst en wie mei gjin mooglikheid los te krijen. Dêrom waarden de kollega's fan de brânwacht alarmearre.

Dy besochten mei twa brânwachtweinen, in sleepkabel en in lier de ambulânse út de modder te lûken. Dat wie noch in hiel o heden. Nei sa'n trije kertier wie de ambulânse wer út syn beneare posysje befrijd. Dêrop folge applaus foar de brânwachtlju fan taskôgjende omwenners.

De pasjint, dy't ferplege waard doe't de brânwacht de wein los besocht te krijen, is dêrnei oerbrocht nei it sikehûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)