Krysttocht foar bern: mei ponny Piebe troch Blauhús

24 des 2020 - 22:47

Bern koene krystjûn mei de ponnykarre yn krystsfear troch Blauhús ride. Ferskillende bern út it doarp rieden in stik mei efter de ponny Piebe, dy't foar de gelegenheid moai fersierd wie.

Ponny Piebe wurdt fersierd - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Ferline jier organisearre it doarp in kuiertocht mei allegearre aktiviteiten ûnderweis, lykas sang en toaniel. Eveneminten meie no net trochgean, mar foar bern oant tolve jier koe noch wol wat betocht wurde. En dus spanden Afke Rijpma en Ciska Bruinsma de ponny Piebe foar de wein mei ljochtsjes. Ek Piebe sels waard mei ljochtsjes fersierd en hy hie in krystmûtse op.

Underweis stiene minsken efter de ruten en holden harren lytse bern omheech om te wuiven nei de ponnykarre. Mei ljochtsjes, muzyk en bellen makken se in rûntsje troch Blauhús en sa wie der dochs noch wat te belibjen yn it doarp.

Trefwurden: 
ponny Blauhûs karre Krysttocht
(Advertinsje)
(Advertinsje)