Ambulânsehelikopter Waadeilannen oerdeis beskikber foar coronapasjinten

It Ryk hat yn it ramt fan de coronakrisis it Regionaal Ambulancevervoer (RAV) Fryslân opdracht jûn om de ambulânsehelikopter beskikber te stellen oan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS). De helikopter bliuwt op de Fryske Waadeilannen fleanen, mar is fan snein ôf oerdeis beskikber foar ferfier fan IC-coronapasjinten.
© UMCG
De reserve-ambulânsehelikopter wurdt al in skoftke ynset foar it ferfieren fan IC-pasjinten tusken Nederlân en Dútslân. De helikopter bliuwt op Ljouwert beskikber foar it pasjinteferfier fan de Fryske Waadeilannen. Mar oerdeis kin de helikopter oan it wurk foar it coronaferfier.