Grûn weispield by slûs De Tsjonger, troch steuring yn keardaam

24 des 2020 - 20:45

Efter de muorre fan de slûs yn De Tsjonger, tusken Nijhoarne en Aldeberkeap, is grûn fuortspield. Dat komt troch in steuring fan de keardaam dy't der njonken leit, wêrtroch't der gjin wetter ôffierd wurde kin. Sadwaande is it wetter fan de rivier oer de muorre fan de slûs streamd.

Foto: Wolter Slager

Troch it wetter is de betsjinningskast fan de slûs net mear te berikken. In part fan it wetter wurdt omlaat en in keardaam moat mei de hân betsjinne wurde. Der is grûn yn De Tsjonger terjochte kaam, mar neffens Wetterskip Fryslân smyt dit gjin hinder op foar de ôffier fan wetter of de kwaliteit fan it oerflaktewetter. Wetterskip Fryslân is dwaande mei it werstellen fan de skea, dêrnei kin de oarsaak fan de steuring oan de keardaam ûndersocht wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)