Corona-ûndersyk: jongelju iensum en âldere manlju fûstkje noch faak

24 des 2020 - 20:26

Hast 80.000 Noarderlingen hawwe der oan meidien: it corona-ûndersyk fan Lifelines. Dêr is ûndersiker Lude Franke tige wiis mei: "De afgelopen maanden hebben we een flink aantal dingen kunnen onderzoeken over corona doordat zoveel Noorderlingen bereid waren vragenlijsten in te vullen." It ûndersyk bliuwt trochgean, want ek nei de jierwiksel stiet der in fragelist klear.

De coronatestlokaasje yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

"Eén van de vragen die we hadden was of het ziek worden van het coronavirus ook erfelijk zou kunnen zijn. Met dit onderzoek hebben we daarom kunnen bijdragen aan het identificeren van de eerste genetische risicofactoren die het risico op ernstig ziek worden kunnen verhogen," seit Franke.

Aldere manlju fûstkje noch faak

Mei it ûndersyk is ek besocht mear ynsjoch te krijen yn wat it coronafirus en de situaasje der omhinne mei minsken dogge. Franke: "Het blijkt een enorme impact te hebben op de mentale gezondheid van mensen. Mensen voelen zich vaak eenzaam, ook jonge mensen vooral. Als het gaat om gedrag zien we dat oudere, alleenstaande mannen boven de 65 jaar elkaar nog vaak de hand schudden. En hoogopgeleide jonge vrouwen die een gezin hebben staan over het algemeen wat terughoudender tegenover het krijgen van een vaccin. De vaccinatiebereidheid is dus bij die groep lager." Sa binne der allerhanne saken dúdlik wurden.

Soargen

Franke leit ek út dat de ûndersikers in goed byld foarmje kinne fan de reaksje fan minsken, just trochdat safolle persoanen antwurd jûn hawwe op de fragen. "Aan het begin van de corona-epidemie maakte men zich enorm veel zorgen. In de zomer was dat aanmerkelijk minder. Maar de afgelopen tijd werd het rapportcijfer weer veel lager."

Foar de feestdagen is minsken frege nei harren plannen foar de krysttiid. "We willen nu na de kerstdagen ook weer vragen hoe de mensen Kerstmis hebben gevierd en of ze ook besmet zijn geraakt." Dêrom docht Franke in oprop oan alle minsken dy't earder meiholpen mei it ûndersyk: folje ek yn jannewaris de fragelist wer yn.

Undersiker Lude Franke

(Advertinsje)
(Advertinsje)