Selstraf foar mishanneling fan asylsykster azc Sint-Anne mei siedend wetter

De 21-jierrige frou dy't in Nigeriaanske frou út it azc yn Sint-Anne oanfoel mei siedend wetter krijt in selstraf fan acht moannen en moat in skeafergoeding betelje. It slachtoffer wie yn augustus op besite by har freondinne yn it azc yn Gilze doe't spul ûntstie mei in oar Nigeriaansk stel om't de froulju in lesbyske relaasje hawwe. Omdat diskriminaasje net fêststeld wurde koe, is dat lykwols net meinaam by de straf.
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
It pear skold de froulju út foar 'stomme lesbiennes' en de frou fan it stel woe de frou út Gilze oanfalle mei siedend wetter. It slachtoffer út Sint-Anne sprong der tusken en rûn doe slimme brânwûnen op. Sy en har freondinne binne yntusken oerbrocht nei in oar azc, dêr wenje sy byinoar.
It slachtoffer is noch hieltyd net wersteld fan de brânwûnen, mooglik sil har hûd foar altyd skansearre bliuwe. De frou wachtet noch op in ferbliuwsfergunning.