FIDEO: Krystjûn yn Ljouwerter ljochtsjedoarp Wielenpôlle

24 des 2020 - 19:19

De krystljochtsjes yn de Ljouwerter wyk Wielenpôlle soargje alle jierren wol foar drokte, mar sa drok as dit jier ha se it noch noait hân. Bewenners ha it der sa drok mei, dat se net mear oan it eigen Krystfeest takomme. Twadde Krystdei begjinne se dêrom de ljochtsjes wer fuort te heljen.

Foardat it safier is, sjocht Omrop Fryslân noch ien kear yn it ljochtsjedoarp.

Krystdoarp Wielenpôlle

"We zijn er misschien iets te vroeg mee begonnen, op 1 november", seit Angela Mebius. Se wennet yn de wyk, en neist har wurk regelet se mei oaren alle dagen fan 17.00 oant 22.00 oere it ferkear. "Dat begint wel z'n tol te eisen", sei se earder op de dei. "Nu zijn we eind december en we staan nog op de straat."

Takom jier binne de ljochtsjes wer te sjen yn de Ljouwerter wyk Wielepôlle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)