Frachtweinsjauffeur Bas sit fêst yn Ingelân: krystdagen op de flechtstripe?

24 des 2020 - 18:55

It is noch hieltyd gaos yn it Britske Kent, want sûnt snein steane hûnderten frachtweinen fêst dy't nei it Europeeske fêstelân wolle. De grinzen wiene ticht fanwege in mutaasje fan it coronafirus dy't yn Ingelân oantroffen is. Sûnt woansdei kinne sjauffeurs mei in negative test dochs noch de pont of trein nimme. Mar it duorret lang. Sjauffeur Bas Groeneveld fan Boonstra Transport yn Haulerwyk is benaud dat er de krystdagen op in Britske flechtstripe fiere moat.

Bas Groeneveld yn Kent - Foto: Bas Groeneveld

Ferplichte de krystdagen yn de truck op de flechtstripe fiere: it sil dy mar oerkomme. Gjin fersierde krystbeam mei kado's der ûnder, nei alle gedachten ek gjin rollade of kalkoen. Dat is spitich, seit Groeneveld. "Maar ik ben niet de enige, er zijn nog heel veel chauffeurs die hetzelfde mee moeten maken. Het liefst zou ik Kerstmis ook thuis willen vieren met mijn vrouw en mijn kindje, maar dat zit er helaas niet in. Dus dan maar in de auto. Vanavond weer even videobellen, dus het contact is verder wel prima."

"Vijf kilometer opgeschoten"

Troch de reisbeheiningen dy't oplein binne fanwegen de besmetlike fariant fan it coronafirus dat yn Ingelân sirkulearret, sitte hûnderten Nederlânske frachtweinsjauffeurs fêst. "Ik ben een paar kilometer vooruitgekomen, maar we zijn nog steeds in afwachting. Ik sta nog steeds op de vluchtstrook in de lange rij tot aan de trein. Ik ben denk ik zo'n vijf kilometer opgeschoten nu, nu weer een paar uur wachten en mondjesmaat wordt het naar de trein toegelaten," seit hy.

De rige mei frachtweinen - Foto: Bas Groeneveld

Hy hopet dat frijwilligers tongersdei mei iten komme, sadat hy mei de krystdagen noch wat te iten hat. As dat net it gefal is, sil hy in lange wei rinne moatte nei in supermerk. "Ik heb nog tot zaterdag wat te eten. Gisteren zijn ze even langsgekomen om een kleinigheidje af te leveren, ik hoop dat ze dat nu weer doen. Gisteravond was de sfeer ook meer gespannen. Er was een aardig toeterprotest en sommige vrachtwagens wilden overdwars gaan staan om een standpunt te maken. Maar dat schiet ook niet op."

Oermacht

It kontakt mei wurkjouwer Boonstra is goed, seit Groeneveld. "Hij bekommert zich heel erg om mij en z'n personeel. Daar ben ik blij mee. Hij heeft alles op alles gezet om ervoor te zorgen dat ik op tijd over kom. Maar dit is echt overmacht, hij kon er echt niets aan doen." It bedriuw besiket hurd om har meiwurker thús te krijen, mar oant no ta sûnder sukses.

Negative test

Op it stuit is hy yn de stêd Kent en Ashford, in oere riden fan Dover dêr't tûzenen minsken wachtsje op de oergong. Foar't sy op de boat meie, moat eltsenien in coronatest dwaan litte. "In de buurt van Kent hebben ze een testplaats, hoorde ik. Maar een ander zei weer dat ze langs komen om een test af te nemen. Er moet per se een negatieve test zijn, anders moet ik in quarantaine," seit Groeneveld. Hy hopet dat er sa gau as mooglik thús komme kin.

Sjauffeur Bas Groeneveld fan Boonstra Transport yn Haulerwyk

De rige mei frachtweinen - Foto: Bas Groeneveld
(Advertinsje)
(Advertinsje)